Friesisch
Gebedsnút
Yn it Ryksmuseum fan Amsterdam wiisde immen my ienris op in bol fan palmhout, makke yn 'e Midsieuwen. De beide helten wienen hiel fyntsjes utsnien sadat er hiel dúdlik alderhanne tafrieltsjes te sjen wienen, sa as de berte en krúsiging fan Jezus. Dizze helten hienen knieren as in kastke. It gehiel siet yn in koperen bol, dy't op syn bar wer yn in learen pongkje dien wie. It hiele evangeelje yn in nútedop. It wie dúdlik dat dit makke wie om mei te nimmen op reis.
Nei inkelde jierren krige ik in ynfal om dizze gebetsnút op in oare wize wer ta libben te wekjen. It is nou plat en ûnbiwurke en de brúker kin sels syn/har gebetsneed troch in namme, datum, symboal ensf. yn 'e nút skriuwe. De nút is maklik op te bergjen; sa draechst dyn gebet altiten by dy. As in gebet ferheard is of ast fynst dat it der lang genôch yn stien hat, nimst in stikje skuorpapier en is der wer plak foar hwat nijs.
Wird noch geprüft
Dieser Text wird noch von jemandem geprüft, der die Sprache liest.